Steen Steensen Blicher

Steen Steensen Blicher
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Steen Steensen Blicher
nasjonaliteit Deensk
berne 11 oktober 1782
berteplak Vium (Denemark)
stoarn 26 maart 1848
stjerplak Spentrup (Denemark)
etnisiteit Deensk
reg. identiteit Jutsk
wurk
taal Deensk, Jutsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
detektiveromans, poëzij
perioade 1e helte 19e iuw
streaming Romantyk
bekendste
  wurk(en)
Brudstykker af en
   Landsbydegns Dagbog

Præsten i Vejlby
E Bindstouw
jierren aktyf 18241848
offisjele webside
n.f.t.

Steen Steensen Blicher (Vium, by Viborg, 11 oktober 1782Spentrup, 26 maart 1848), wie in Deensk skriuwer, dichter, oersetter en predikant fan Jutsk komôf. Hoewol't er yn syn eigen tiid net bot wurdearre waard, wurdt er hjoed de dei beskôge as de pionier fan 'e novelle en it koarte ferhaal yn 'e Deenske taal, en as ien fan 'e grutte figueren út 'e Deenske literatuer, ferlykber mei Hans Christian Andersen en Karen Blixen. Yn 2006 waard syn novelle Præsten i Vejlby as ien fan mar tsien literêre wurken opnommen yn 'e Deenske Kultuerkanon. Njonken syn ynfloed op it Deensk wie Blicher ek tige wichtich foar it Jutsk, syn memmetaal, dat er suver as ien fan 'e earste auteurs ta skriuwtaal ferhefte.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search